Mantgumer keatsjeugd wer yn training
Under lieding fan Nynke Wiedijk, Ilse Noorman en Anneke van der Sluis binne op moandei 15 april 30 bern mei de keatstraining útein set.
Ferdield oer trije groepen traine hja op de moandei te jûn fanôf 18 oere. Hjirby begjinners en bern dy’t al earder traint hawwe, dy’t harren tariede op lede partijen, federaasje en/of KNKB partijen. Der njonken binne d’r ek noch bern dy’t by ferskillende keatsskoallen traine. Yn maaie kin de jeugd ek wer kompetysje keatse. Antsje Kuipers hat fan de earste training yn Mantgum foto’s makke
Geplaatst op 21 April 2013